Zoeken

Gemeente Dongeradeel
Koningstraat 13
9101 LP Dokkum
Postbus 1
9100 AA Dokkum

T: (0519) 298 888
F: (0519) 298 889
E: gemeente@dongeradeel.nl


Gemeente Dongeradeel

De gemeente Dongeradeel hat alles om it de fakânsjegonger en deirekreant noflik te meitsjen. Mei har ymposante waadkant en grutte klaai- en terplânskip hat de gemeente de natoer- en lânskipstoerist in protte te bieden. Yn it lange griene en blauwe lânskip, mei harren rykdom oan soarten fan fûgels komt in minske ta rêst.

Wettersport


Wettersport

De toerist of rekreant dy't fan wat mear aksje hâldt, kriget oan de westkant fan it Lauwersmar oan syn gerak. Dêr is it domein fan de wettersporters. Der wurdt folop surft, syld, roeid en fearn. En ek swommen, lykas by it strân fan Eastmahorn. De haven fan Eastmahorn, de slûs fan Dokkumer Nije Silen en Lauwerseach binne bekende en favorite wettersportplakken.


Kultuer


Kultuer

Stedske fernoegens yn in lanlike omjouwing, binne te finen yn Dokkum. Dizze alfde stêd oan de alvestêderoute hat alles: winkels, hoareka, musea, útstallings, tsjerken en dat alles yn in monumintale sfear. Want ek de binnenstêd fan Dokkum hat fanwege har talrike histoaryske monuminten in beskerme stedsgesicht. Sa as Dokkum in beskerme stedsgesicht hat, ha in tal doarpen yn Dongeradeel in

beskerme doarpsgesicht. Sa falt der ek foar de kultuertoerist yn Dongeradeel fan alles te ûntdekken.


Toeristyske ynformaasje


Toeristische informatie Mear toeristyske ynformaasje fine jo yn de VVV-gids fan Fryslân of yn de Lauwerslandgids, beide te krijen by de VVV-kantoaren yn Noardeast-Fryslân en Noardeast-Grins.