Natoer

De gemeente Dongeradeel grinzet yn it noarden oan de Waadsee en hat dêrtroch in rike en bysûndere natoer. Wichtige natoergebieten fan Dongeradeel lizze by de kust lâns en by it Lauwersmargebiet. De Waadsee en it Lauwersmargebiet binne ynternasjonaal bekende natoergebieten. Dat minsklik yngripen somtiden ek in posityf effekt op de natoer hat kinne jo prachtich sjen oan it natoergebiet om de Lauwersmar hinne.

Neist de kustgebieten lizze der ferspraat yn Dongeradeel in pear lytsere natoergebieten, sa as de Eanjumer Kolken, de Bantspolder, in stikmannich dobben, kolken, boskjes, streamkes en weardefolle sleatsjes en sa wat hinne. Yn de natoergebieten binne fyts- en kuierpaden sadat jo de prachtige natoer fan hiel tichtby belibje kinne.

Nasjonaal Park Lauwersmar

Yn it hert fan de toeristyske streek Lauwerslân op de grins fan Noardeast-Fryslân en Noardwest-Grins, leit Nasjonaal Park Lauwersmar, in prachtich natoergebiet. It seewetter fan de Lauwerssee klotste hjir lykwols sa'n 30 jier lyn noch tsjin de diken. Tsjintwurdich kinne jo yn it Lauwersmargebiet, yn in see fan rêst en romte, genietsje fan de oerweldigjende natoer. It hiele jier troch hat de natoer ferrassings yn 't fet. Foar de aktive rekreant hat Nasjonaal Park Lauwersmar ferskate mooglikheden om fan de natoer te genietsjen. Sa kinne jo derfoar kieze om ien fan de alve markearre routes te kuierjen, yn ôfstân ferskillend fan 2 oant 7,5 km. Dy 'pealtsjeroutes' fan Staatsbosbeheer bringe jo by allegearre bysûndere plakjes yn it gebiet lâns. De trochsetter fytst it 'Rûntsje Lauwersmar', in fytsroute fan 45 km. om it Lauwersmar hinne, by ferskate stikken fan it Nasjonaal Park lâns. Neist kuierje en fytse kinne jo op ferskate plakken 'oan board stappe' foar in wettertocht oer it Lauwersmar.

Fansels kinne jo ek mei jo eigen boat terjochte op oantreklike oanlisplakken yn it Lauwersmargebiet. Ek de ferskate fûgelútsjochhutten yn it gebiet binne oan te rieden. Fanút sa'n fûgelútsjochhut kinne jo fûgels, sûnder se te fersteuren, fan hiel tichtby besjen.Yn it hert fan de toeristyske streek Lauwerslân op de grins fan Noardeast-Fryslân en Noardwest-Grins, leit Nasjonaal Park Lauwersmar, in prachtich natoergebiet. It seewetter fan de Lauwerssee klotste hjir lykwols sa'n 30 jier lyn noch tsjin de diken. Tsjintwurdich kinne jo yn it Lauwersmargebiet, yn in see fan rêst en romte, genietsje fan de oerweldigjende natoer. It hiele jier troch hat de natoer ferrassings yn 't fet.

Foar de aktive rekreant hat Nasjonaal Park Lauwersmar ferskate mooglikheden om fan de natoer te genietsjen. Sa kinne jo derfoar kieze om ien fan de alve markearre routes te kuierjen, yn ôfstân ferskillend fan 2 oant 7,5 km. Dy 'pealtsjeroutes' fan Staatsbosbeheer bringe jo by allegearre bysûndere plakjes yn it gebiet lâns. De trochsetter fytst it 'Rûntsje Lauwersmar', in fytsroute fan 45 km. om it Lauwersmar hinne, by ferskate stikken fan it Nasjonaal Park lâns. Neist kuierje en fytse kinne jo op ferskate plakken 'oan board stappe' foar in wettertocht oer it Lauwersmar. Fansels kinne jo ek mei jo eigen boat terjochte op oantreklike oanlisplakken yn it Lauwersmargebiet. Ek de ferskate fûgelútsjochhutten yn it gebiet binne oan te rieden. Fanút sa'n fûgelútsjochhut kinne jo fûgels, sûnder se te fersteuren, fan hiel tichtby besjen.

Lânskip

De gemeente is ûnderdiel fan it Fryske klaaigebiet. Mei har grutte fjilden hat de gemeente fakânsjegonger en deirekreant in soad te bieden. It lânskip yn de gemeente Dongeradeel is tige ferskaat. Sa is oan de kanten fan de Waadsee en de eartiidse Lauwerssee it Waadlânskip. Efter de dyk lizze de kwelderlânskippen. Dat binne gebieten mei oever- en kwelderwâlen, terpen en oare bewenningsplakken. Dêrefter leit de tij- en ôfsettingsflakte. De nije polders by de kust lâns foarmje it polderlânskip en om it Dokkumer Grootdiep hinne leit it streamdallânskip. Elk lânskipstype hat syn eigen spesifike kenmerken, mar alle lânskippen wurde kenmerke troch de iepenheid, de romte en de grutskaligens. Mei in ymposante Waadkust en in grut klaai- en terplânskip hat de gemeente de natoer- en lânskipstoerist in soad te bieden. De kwelderrêgen en terpen dêr’t bewenning op ûntstien is, de diken en âlde diken de karakteristike pleatsen en it ferskaat oan lânskipseleminten sa as dobben, kolken en pleatslik oanwêzige einekoaien binne foar de natoer- en lânskipstoerist wis de muoite wurdich.De gemeente is ûnderdiel fan it Fryske klaaigebiet.

Mei har grutte fjilden hat de gemeente fakânsjegonger en deirekreant in soad te bieden. It lânskip yn de gemeente Dongeradeel is tige ferskaat. Sa is oan de kanten fan de Waadsee en de eartiidse Lauwerssee it Waadlânskip. Efter de dyk lizze de kwelderlânskippen. Dat binne gebieten mei oever- en kwelderwâlen, terpen en oare bewenningsplakken. Dêrefter leit de tij- en ôfsettingsflakte. De nije polders by de kust lâns foarmje it polderlânskip en om it Dokkumer Grootdiep hinne leit it streamdallânskip. Elk lânskipstype hat syn eigen spesifike kenmerken, mar alle lânskippen wurde kenmerke troch de iepenheid, de romte en de grutskaligens. Mei in ymposante Waadkust en in grut klaai- en terplânskip hat de gemeente de natoer- en lânskipstoerist in soad te bieden. De kwelderrêgen en terpen dêr’t bewenning op ûntstien is, de diken en âlde diken de karakteristike pleatsen en it ferskaat oan lânskipseleminten sa as dobben, kolken en pleatslik oanwêzige einekoaien binne foar de natoer- en lânskipstoerist wis de muoite wurdich.

It Waadgebiet

It Waadgebiet rint fan ‘e Noardkust fan Nederlân oant Denemarken. Mei rom 50 eilânnen, in lange kuststreek en in ferskaat oan bistsoarten wurd dit gebiet beskôge as ien fan ‘e grutste en moaiste natuergebieden fan Europa. In diel fan dit gebiet leit tichtby Dongeradiel. Jo kinne hjir in kaart fan it waadgebiet tusken de gemeente Dongeradiel en de waadeilânnen Skylge en it Amelân downloade.

hoog contrast
Vind eenvoudig wat u zoekt