Rekreaasje

De toerist of rekreant dy't fan wat mear aksje hâldt, kriget oan de westkant fan it Lauwersmar dêr't er foar komt. Dêr is it plak fan de wettersporters. Der wurdt folop surft, syld, roeid en fearn. En ek swommen, sa as by it strân fan Eastmahorn. De haven fan Eastmahorn, de slûs fan Dokkumer Nije Silen en Lauwerseach binne bekende en favorite wettersportplakken.

Esonstad

Nederlân hat der in nij stedsje by. Oan de râne fan it Lauwersmar! In âld-Fysk stedsje kompleet mei in merkplein en in waach. Sels de namme is âld. Neffens de kroniken út de iere midsieuwen lei der tusken 300 en 1230 in machtige stêd, op it plak dêr 't yn de takomst it nije 'Esonstad' boud wurdt. 'Esonstad' is in rekreaasjepark mei 250 rekreaasjewennings, hoarekafoarsjennings en in kamping. Mear ynformaasje fine jo op www.esonstad.com.

Lauwersmar

Fryslân is synonym foar wettersport. It Lauwersmar is in frij nij en unyk rekreaasjegebiet. Der is foar eltse wettersporter wat te dwaan. Rêstige, beskutte rivierkes foar kanoërs, gesellige farwetters foar motorkrusers, iepen wetter foar silers en surfers en de Waadsee foar wetterrekranten mei seeskonken.

Farwetter

De Lits-Lauwersmarroute rint fan Drachten nei it Lauwersmar en rjochting Dokkum. Dy route is in ûnderdiel fan it grutskalige Frysk Marreprojekt. Dit foarjier is begûn mei it útdjipjen fan de Zwemmer en it opheegjen fan de kanten. Fan 2004 ôf wurdt ûnder oare wurke oan de werynrjochting fan it mar De Leijen, it oanlizzen fan passanteplakken en fan 2005 ôf oan de ferheging fan fiif brêgen nei de trochfearthichte fan trije meter tusken it Burgumermar en it Lauwersmar.

Waadrinne

Waadrinne is in unike sport, dy 't yn in prachtige natoer plakfynt. De kombinaasje fan fysike ynspanning en de prachtige natoer hawwe waadrinnen ta in favorite beuzichheid makke. Ut ferskate plakken wei yn de gemeente Dongeradeel wurde der waadrintochten organisearre. Yn Wierum is in waadrinsintrum festige foar waadrintochten nei de Ingelsmanplaat. Ut Ternaard wei wurde ek regelmjittich waadrintochten organisearre.

hoog contrast
Vind eenvoudig wat u zoekt