Kultuer

De gemeente Dongeradeel hat troch alle terpen, tsjerken en de beskerme steds- en doarpsgesichten in ryk kultuer-histoarysk karakter. Yn de âlde binnensted fan Dokkum is oan de omheechrinnende strjitten dy't yn it midden fan Dokkum út komme, noch hieltyd te sjen dat Dokkum in terpstêd is. Net allinne Dokkum is op in terp boud, de measte doarpen yn Dongeradeel binne terpdoarpen. De terpen binne ûntstien meidat bewenners fan de Fryske kust in hichte foar harren hûs en fee bouden om sa harren gesin, hûs en fee te beskermjen tsjin it opkommende seewetter. De terpen wiene yn dy tiid ûnmisber, want de see hie doe noch frijspul yn it kustlânskip.

Om it jier 1000 hinne binne de kustbewenners begûn mei it bouwen fan diken. Sy hiene de hoop dêrmei foar altyd de striid tsjin de see in ho ta te roppen. Mar de striid tsjin de see is nea echt foarby, de see bliuwt ûnbetrouber en men wit nea wat sy dwaan giet. It bouwen fan diken giet dêrom noch altyd troch. Sa is yn 1969 noch de lêste hân lein oan it yndikingsproses troch it ôfsluten fan de Lauwerssee. Dêrtroch ûntstie it Lauwersmar, dat no foar de wettersporters en de natoerleafhawwers in favoryt plak is.

Neist de terpen en diken, hawwe ek de tsjerken yn de gemeente Dongeradeel in grutte kultuer-histoaryske wearde. Dy tsjerken steane yn in soad doarpen op in terp. De tsjerken en tsjerketuorren binne opfallend erfguod út it ferline. Dy skatten binne feilich steld troch de oanwizing fan Dokkum en fiif doarpen fan Dongeradeel ta beskerme steds- en doarpsgesicht of troch pleatsing fan aparte histoaryske bouwurken op de list fan beskerme monuminten.

Routes (keunst-)
Troch Dokkum en omkriten rinne ferskate routes. Al kuierjend, fytsend, ridend of farrend komme jo op de meast prachtige plakken en lâns in protte nijsgjirrichheden. Foarbylden fan dy routes binne de keunstroute troch Dokkum en de Kloosterpadroute fan Dokkum nei Drachten. Dêrneist hat it VVV fansels ferskate oare routes mei kultuer-histoaryske wearde en of troch de prachtige natoer. Ek de stedskuiers ûnder lieding fan in gids is ek in mooglikheid. VVV Noord-Oost Friesland, til. (0519) 293 800, e-mail info@vvvlauwersland.nl.

Mear oer...

hoog contrast
Vind eenvoudig wat u zoekt